Mear boatsjeminsken nei Snits

07 des 2010 - 12:55

It ôfrûne farseizoen hawwe wer mear boatsjeminsken yn Snits west. Hast 23.400 boaten fan rekreanten kamen nei de stêd. Ferline jier wiene dat hast 22.900. It tal cruise-skippen gie fan 30 nei 40. De sjarterfeart is wat sakke, fan 180 sjarterskippen yn 2009 nei 157 dit jier.

Neffens de gemeente hat de taname fan it tal boatsjeminsken te krijen mei it minder goeie waar fan ôfrûne simmer. In stêd as Snits soe dan oantrekliker wêze foar toeristen op it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)