Mear boaten op Turfrûte

30 jul 2008 - 13:41

De stifting De Nije Kompanjons rekkenet dizze simmer op fiif persint mear boatsjeminsken dy't de Turfrûte farre. Foarsitter Ten Have seit dat it moaie waar foar in lytse taname soargje sil. Ferline jier hawwe hast 2000 minsken de rûte fearn.

Dit jier ha alle wettersportferienings yn it lân ynformaasje krigen oer de Turfrûte. Wat opfalt is dat der in soad boatsjeminsken út Súd-Hollân en Seelân dizze simmer de turfrûte farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)