Mear boaten nei De Jouwer

19 des 2012 - 21:29
  • Midstrjitte De Jouwer

De Jouwer wurdt oantrekliker makke foar ynwenners en wettersporters. De provinsje Fryslân stelt dêrfoar ien miljoen euro beskikber; de gemeente Skarsterlân 6 ton.
Der komt in oanlisplak foar grutte rûnfeartboaten yn de haven, flakby it sintrum. Der komme oplaadpunten foar elektryske boaten of fytsen. De Tolhúsbrêge wurdt ferhege. De Kolk wurdt geskikt makke as passantehaven foar sloepen en lytse boaten en der komme mear terrassen. Uteinlik is it plan om nei it sintrum fan De Jouwer farre te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)