'Mear blommen yn de greide'

07 mrt 2013 - 17:17
  • Kij yn de lisboksstâl

De greiden yn Fryslân moatte folle fleuriger wurde. Dat betsjut dat der mear krûden en blommen yn stean moatte en minder gers. Dat advys komt fan de Wageningen Universiteit. Dy fleurige greiden binne ek sûner foar it fee en better foar de greidefûgels. Sa sitte der mear ynsekten yn krûdelân en dêr kinne de fûgels fan ite.

Dat betsjut wol dat de boeren minder jarre brûke moatte. Neffens de Wageningen Universiteit soene boeren der foar kieze kinne om de râne fan de greiden gewurde te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)