Mear blautonge yn Fryslân

21 sep 2007 - 12:00

Der komme hieltyd mear gefallen fan de feesykte blautonge yn Fryslân. De voedsel en warenautoriteit, VWA, wit fan 8 gefallen. Tongersdei waard bekend dat yn Tsjerkgaast en Skarsterbrêge blautonge ûntdutsen is. Bisten dy't syk binne wurde ôfmakke.

Bedriuwen mei blautonge komme op slot te sitten. Fryslân bleau lange tiid frij fan de sykte. Yn augustus waard it earste gefal fêststeld by eksportbedriuw Schaap yn Wytmarsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)