Mear bewege en sûner libje

27 sep 2007 - 17:18

Basisskoallebern út de doarpen Boelensleane en Koatstertille dogge yn oktober mei oan projekten om mear te bewegen. De bern leare by de projekten om boartsjendewei mear te bewegen en sûner te libjen.

Der is in grutte rol foar âlders en leararen. Sy moatte de bern stimuleare om mei te dwaan. De gemeente Achtkarspelen, de GGD en oare organisaasjes dogge mei oan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)