Mear beskermje tsjin lânbougif

19 feb 2014 - 10:00

It kabinet sil maatregels treffe om omwenners fan bollefjilden, fruitperselen en leeljefjilden better te beskermjen tsjin lânbougif. Dat skriuwt statssekretaris Mansveld oan de Twadde Keamer. De regearing ûndersiket hoe bot omwenners en passanten bleatsteld wurde oan dizze gemyske bestriedingsmiddels yn de lânbou. Ek sjocht it kabinet nei juridyske mooglikheden om spuitfrije sônes yn te stellen. Yn Aldemardum ûntstie ferline jier ûnrêst neidat it gif fan de leeljefjilden oer it doarp stood wie.

Yn Aldemardum en ek yn de polityk gienen doe stimmen op om it brûken fan ien soart gif hielendal te ferbieden, lykas yn oare lannen yn Europa al it gefal is. Yn it advys dat de Gezondheidsraad ein jannewaris útbrocht, stie dat fierder ûndersyk nedich is, om't net foldwaande bekend is wat de gefolgen binne foar omwenners. Ek hat de Gezondheidsraad oanret om maatregels te nimmen om de bleatstelling te ferminderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)