'Mear besikers troch ferhuzing'

18 maaie 2005 - 07:43

It ferhúzjen fan it besikerssintrum Mar en Klif fan Aldemardum nei Riis sil mear besikers opsmite en is wichtich foar it behâld fan it sintrum. Dat seit foarsitter Dick Wessels fan it toeristyske ynformaasjesintrum.

It nij te bouwen sintrum moat tsjinoer de slottún fan it Fryske Gea komme. In kombinaasje dy't der foar soargje moat dat mear besikers de wei nei it toeristykse ynformaasjesintrum fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)