'Mear besikers Stiennen Flier'

12 apr 2013 - 11:19
  • It swimbad wurdt foar de lêste kear skjinmakke
  • It swimbad wurdt foar de lêste kear skjinmakke

De útwreiding fan it subtropysk swimbad De Stienen Flier op De Jouwer moat alle jieren goed 50-tûzen ekstra besikers opsmite. Dat is de doelstelling fan de direksje fan it swimbad.

Op dit stuit komme der alle jierren 150-tûzen minsken nei it bad en dat moatte der takomend jier 200-tûzen wurde. Nei dizze simmer giet de skeppe de grûn yn. Neist de útwreiding fan it swimbad mei ûnder oaren in wyldwetterbaan, komt der ek in grutte nije sporthal. Totale kosten fan it projekt wurde rûsd op 8 miljoen euro.

Troch de nijbouplannen ferdwine de 50 jier âlde bûtenbaden fan De Jouwer. De baden binne net langer rendabel en dus wurde se yn oktober sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)