Mear besikers Sportmanfilm

19 apr 2006 - 09:35

Yn it Peaskewykein is it tal besikers oan de film 'Sportman fan de ieu' wer wat omheech gien. Oant no ta ha 2700 minsken de film sjoen. Dat is net folle. Fan de 29 bioskopen dêr't de film yn premiêre gie binne der no noch alve oer. Lanlik jildt de film as in flop, mar yn Fryslân giet it better.

De eigners fan de Fryske bioskopen tinke dat troch 'mûle-op-mûle-reklame' der noch wol mear besikers komme. De film is goed en dat sprekt him rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)