Mear besikers op Vrouw!

12 mrt 2012 - 10:46

De frouljusbeurs Vrouw! yn it WTC-Expo yn Ljouwert hat ôfrûne wykein 21.000 besikers lutsen. Dat binne fjouwertûzen mear as ferline jier. Op de beurs stienen 170 standhâlders. Foar it earst waarden ek workshops hâlden dêr't besikers oan meidwaan koene.

Vrouw! is wat it tal besikers en standhâlders oanbelanget de grutste frouljusbeurs fan Noard-Nederlân. De beurs waard dit jier foar de fjirde kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)