Mear besikers by NNO

17 jun 2013 - 16:21

It Noord-Nederlands Orkest hat ferline jier mear besikers lutsen as it jier dêrfoar. Yn 2012 kamen hast 97.000 besikers nei de konserten ta. Dy wiene benammen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat is in taname fan hast 11 persint yn ferlyk mei 2011.

De fiering fan it jubileumseizoen mei sân spesjale konserten hat in positive bydrage levere oan it tal besikers. De fiering fan it 150-jierrich jubileum is noch net hielendal foarby. Op 21 en 22 juny is it NNO noch te sjen by CityProms yn Ljouwert en op 30 juny is it Lauswolt Simmerkonsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)