Mear besikers Fries Museum

27 jun 2009 - 10:58

Hast sechtichtûzen minsken hawwe yn 2008 in besite brocht oan it Fries Museum yn Ljouwert. Dat skriuwt foarsitter Saskia Bak fan de Ried fan Bestjoer yn it jierferslach fan it museum. It besikersoantal leit neffens har flink heger as in jier earder.

Ien fan de grutte publykslûkers wie de útstalling 'Quilts - Kunst met een Q'. Dat is sels de bêst besochte útstalling oait yn it Fries Museum, mei mear as trijenfjirtichtûzen besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)