Mear berop op jeugdsoarch

02 maaie 2001 - 00:00

De jeugdsoarch krijt it de kommende jierren dreech neffens de direkteur fan de Fryske jeugdsoarch. De lêste jierren dogge hieltyd mear bern mei swierrichheden in berop op de ynstelling.

It regear lûkt minder jild út foar de jeugdsoarch wylst de ynstânsjes mear oanfragen fan âlden en bern krije. Yn 'e provinsje wurkje 600 minsken yn de sektor dy't 500 oant 700 bern begeliede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)