Mear berop op fergees iten

09 nov 2008 - 20:47

Voedselbank Ljouwert ferwachtet dat yn 'e takomst mear minsken in berop dwaan sille op help. Op dit stuit krije sa'n 250 minsken alle wiken in pakket mei libbensmiddels. Troch de gefolgen fan de kredytkrisis sil dat tal nei alle gedachten tanimme nei sa'n 300.

Nei in tal mindere moannen kin de Ljouwerter foedselbank de pakketten no wer goed folje. Mar as der mear klanten komme, sil der ek mear guod komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)