Mear bernemishannelings melden

30 jan 2011 - 10:01

It Advies- en Meldpunt Kindermishandeling yn Fryslân fynt it ferûntrêstend dat it oantal meldings oer bernemishanneling noch hieltyd tanimt. Yn it lêste fearnsjier fan 2009 wiene der 411 meldings. Yn de trije perioaden dêrnei foel it oantal hieltyd heger út.

Yn it tredde fearnsjier fan 2010 wiene der al 526 meldings. It AMK fynt dat ferûntrêstend, mar ek in goed teken. It betsjut dat it meldpunt hieltyd bekender wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)