Mear bernedeiferbliuwen foar minder bern yn Fryslân

04 aug 2015 - 15:48
  • Bianca Bijlsma fan it Frysk Sosjaal Planburo

Der komme hieltyd mear bernedeiferbliuwen yn Fryslân, wylst dêr hieltyd minder gebrûk fan makke wurdt. Dat docht bliken út sifers fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP). It tal bern dat 4 jier of jonger is, is de lêste jierren mei 3,5% ôfnaam yn Fryslân. Nettsjinsteande de ôfname fan it tal bern, komme der neffens Bianca Bijlsma fan it Frysk Sosjaal Planburo dochs mear bernedeiferbliuwen by, om't pjutteboartersplakken omfoarme wurde ta bernedeiferbliuwen.

It ministearje fan Sosjale Saken hat besletten dat der fan 2018 ôf gjin pjutteboartersplakken mear yn Nederlân wêze sille. De foarskoalske opfang bestiet dan inkeld noch út bernedeiferbliuwen.

It Frysk Sosjaal Planburo ûndersiket tendinzen yn de provinsje en jout harren befinings troch oan de polityk. De polityk wit dêrtroch wat der spilet yn de maatskippij en kin dêr belied op meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)