'Mear belesting nei gemeenten'

19 jan 2014 - 12:39
  • VNG-foarsitter Annemarie Jorritsma

De Nederlânske gemeenten wolle mear belestingen heffe kinne, sadat se foar in grutter part ferantwurdlik wurde foar de eigen ynkomsten. De gemeenten helje no yn trochsneed mar 10 % fan de ynkomsten út eigen belestingen en binne fierder ôfhinklik fan it Ryk. Foarsitter Annemarie Jorritsma fan de VNG fynt dit mar 'nuver'. Yn de measte oare Europeeske lannen hawwe de gemeenten wol 50 persint eigen ynkomsten.

De eigen ynkomsten dy't de gemeenten no hawwe binne te min om de risiko's betelje te kinnen, seit Jorritsma.

No't de gemeenten mear taken krije wurdt foar de gemeenten de needsaak foar mear ynkomsten wer grutter. Jorritsma seit derby dat it net har doel is om boargers mear belesting betelje te litten. Op it stuit dat de gemeentlike belesting omheech giet, soe de Ryksbelesting omleech gean moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)