Mear bekendheid Waadgebiet

09 nov 2012 - 19:13
  • De plakette fan Unesco foar it Waad wurdt oanbean.

De gemeente Ferwerderadiel wol mear bekendheid jaan oan it Waadgebiet. Dat seit boargemaster Wil van den Berg. It Waadgebiet stiet al trije jier op de wrâlderfgoedlist fan Unesco, mar de gemeente krige dêr freed pas in offisjele plakette foar. Dy waard útrikt troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. De gemeente Ferwerderadiel wol ûnder oaren dat der ynformaasjebuorden komme. Dêrneist hawwe ferskate basisskoallen in lespakket oer it Waadgebiet krigen. Yn it gemeentehûs is in tentoanstelling oer it Waad te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)