Mear bekendheid foar kliklijn

11 okt 2005 - 21:56

De gemeente Lemsterlân komt yn aksje om de anonieme kliklijn, dêr't ynwenners oertredings melde kinne, bekender te meitsjen by it publyk. Der binne yn de hast twa moanne dat de kliklijn bestiet noch mar fiif klachten binnen kaam.

De gemeente sil no yn de pleatslike krante sels melding dwaan fan fandalisme. Troch minsken te freegjen mei mear ynformaasje oer it fandalisme te kommen, hopet Lemsterlân dat minsken faker belje mei de kliklijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)