Mear bekend oer Poalske bendes

21 okt 2005 - 13:36

De ynset fan in spesjaal team fan de plysje yn Noard- en East-Nederlân tsjin kriminelen út Poalen en Litouwen docht fertuten. Der is no folle mear bekend oer de wize wêrop't dy bendes operearje. Dat makke de nasjonale resjerzje tongersdei bekend yn Swolle.

De plysje yn it Noarden hat belang by dy ynformaasje, want yn Fryslân binne de bendes ek aktyf. De grutste saak hjir wie it oprôljen fan in falsk-jild netwurk, dat út Litouwen wei operearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)