Mear bedriuweterreinen nedich

08 feb 2001 - 11:25

Fryslân krijt de kommende tsien jier o sa'n ferlet fan bedriuweterreinen. Dat blykt út in nota dy't de provinsje woansdei presintearre hat. Benammen gemeenten yn de A7- en Westergosône moatte gau nije terreinen ûntwikkelje.

Neffens de provinsje is de fraach twa kear sa grut as de 480 bunder dy't noch frij is. Minister Pronk wol just in minder hurde groei fan bedriuweterreinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)