Mear bedriuwen yn problemen

11 apr 2009 - 12:24

Der komme hieltyd mear lytse Fryske bedriuwen yn de finansjele problemen. Yn it earste fearnsjier fan 2009 binne 74 bedriuwen fallyt gien en dat is 25% mear as yn it earste fearnsjier fan 2008. It tal skuldsanearrings gie mei 70% omheech fan 64 nei 110, sa docht bliken út sifers fan de rjochtbank.

Dat hieltyd mear bedriuwen yn finansjele problemen komme, fernimt ek buro Benedictus yn Garyp. It buro, dat spesjalisearre is yn skuldsanearring, hat it twa kear sa drok as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)