Mear beammarters by Appelskea

14 jul 2008 - 07:16

Der nestelje hieltyd mear beammarters yn it Drents Friese Wold by Appelskea. Dit jier binne der seis nêsten teld en safolle hawwe it der noch nea west. Tsien jier lyn sieten der sels hielendal noch gjin beammarters yn it natuergebiet.

It Drents Friese Wold is oantrekliker wurden foar de beammarter troch in wizige behear. Hjoed de dei bliuwe beammen langer stean, ek as der bygelyks gatten fan spjochten yn sitte. Dêr nestelje beammarters faak yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)