Mear banen fuort troch fúzje

24 sep 2009 - 20:27
  • Baneferlies by CIBA en BASF

De fúzje fan gemybedriuwen BASF en CIBA, beide op It Hearrenfean, kostet folle mear banen as earst tocht. By de oankundiging fan de fúzje dizze simmer waard sein dat it mei-inoar om 23 arbeidsplakken gean soe. Dat tal is no oprûn oant fjirtich. It grutste part dêrfan komt foar rekken fan CIBA.

It personiel en de fakbûnen binne der fernuvere oer dat de sifers no safolle heger útfalle. De ûnderhannelings oer in sosjaal plan moatte noch út ein sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)