'Mear banen foar NE-Fryslân'

14 aug 2003 - 00:00

De wurkgelegenens yn noardeast-Fryslân bliuwt fier achter by it Fryske en lanlike gemiddelde. Om dêr wat oan te dwaan moatte der oant 2015 mear as 2000 banen bykomme.

Dat skriuwe de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân, Dongeradiel en Dantumadiel yn har rapport 'Sterk op Eigen Wijze'. It sil dreech wurde om nije bedriuwen te lûken. Undernimmers bliuwe wei om't de regio net sintraal leit, net goed berikber is en in min imago hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)