Mear banen by CJIB

18 nov 2008 - 22:52
  • It CJIB moat útwreidzje

It Sintraal Justisjeel Ynkassoburo, it CJIB, yn Ljouwert hat wurk foar nochris twahûndert minsken ekstra boppe op de tûzen dy't der no al wurkje. De organisaasje groeit en bout dêrom nij by it hjoeddeiske gebou oan de Tesselschadestraat.

It CJIB hat ekstra personiel nedich, omdat it neist ferkearsboetes hieltyd mear ynkassowurk foar de oerheid útfiert. Ferwachte wurdt dat it CJIB de kommende jierren trochgroeie sil oant 1700 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)