Mear arsjitektuer nei Ljouwert

20 feb 2010 - 12:50

Ljouwert wol de dependânse ha fan it Nederlânsk arsjitektuerynstitút. It ynstitút wol neist de haadfestiging yn Rotterdam ek in permanint plak ha yn it Noarden. Neffens wethâlder Henk Deinum is Ljouwert geskikt. Hy wol it ynstitút brûke om de diskusje oer de romtlike ynfolling fan de stêd en it plattelân in nije ympuls te jaan.

Yn it arsjitektuerynstitút binne ûnder oare útstallings oer arsjitektuer en kinne arsjitekten ynspiraasje op dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)