Mear animo foar startersdei

03 nov 2012 - 11:44
  • Startersdei yn Ljouwert

De jierlikse startersdei fan de Keamer fan Keaphannel lûkt sneon mear as 900 nije ûndernimmers. Dat is goed 200 mear as oare jierren. Der binne benammen in soad nije bedriuwen yn de bou by kaam.

Op de startersdei kinne begjinnende ûndernimmers ynformaasje krije oer hoe't se in nij bedriuw opsette moatte. Benammen oer de finansjele kant binne faak noch in soad fragen. Dêrom stean in soad accountants, banken en de belestingtsjinst mei in stand yn it WTC Hotel yn Ljouwert. De startersdei duorret noch oant 4 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)