Folle mear amtners as earder tocht, reitsje har baan by de gemeente Ljouwert kwyt. Hold de gemeente twa jier lyn noch rekken mei 80 oant 100 amtners, no binne dat der wol 140 oant 150. It kolleezje fan b. en w. stelt dêrom njonken de eardere 1 miljoen euro nochris 800.000 euro beskikber om dizze amtners te begelieden nei oar wurk.
De ekstra amtners dy't har baan kwytreitsje sille, wurkje no benammen by it Wurkplein. It Ryk wol dêrop besunigje en ek Ljouwert merkt dêr de gefolgen fan. Foarearst binne twongen ûntslaggen net oan de oarder.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |