"Mear ambysje nedich yn it amateurtoaniel"

02 nov 2015 - 06:02
  • Toanielferiening Jimmer Omheech spilet dit wykein 'It lêste stik'

Fryske amateurtoanielgroepen en selskippen meie bêst wat mear ambysje sjen litte. Dat fynt foarsitter Jelle Wesselius fan STAF, de stichting amateurtoaniel Fryslân. It is sûn om as spilersgroep mar ek as yndividu nije mooglikheden te ûntdekken, neffens Wesselius.

Ofrûne sneon organisearre STAF in byienkomst yn Seisbierrum dêr't sa'n hûnderd spilers, muzikanten, regisseurs, skriuwers en bestjoersleden byelkoar kamen om meiekoar te praten oer harren toanielhobby.

Ek bekende teatermakkers as Bauke Oldenhof en Kees Botman wienen oanwêzich om advys te jaan en nei te tinken oer de takomst fan it amateurtoaniel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)