Mear âlderen by Monumintewacht

29 jun 2013 - 09:29

Hieltyd mear âlderen wurde klant by de Monumintewacht Fryslân. Dat liket ek in reden te wêzen wêrom't de organisaasje noch altyd groeit. Dy groei sit der neffens direkteur Afke Draijer al yn sûnt it opsetten fan de Monumintewacht. Der binne no twatûzen Friezen by oansletten.

Freed is yn Allingawier it 40-jierrich jubileum fierd fan de Monumintewacht. Dat barde op it terrein fan museum Aldfaers Erf ûnder mear troch de monuminten op dat terrein op te knappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)