Mear aksjes melkfeehâlders

22 sep 2009 - 17:14
  • De aksjes geane troch

Melkfeehâlders gean troch mei de aksjes tsjin de lege molkpriis. Dat seit foarsitter Sieta van Keimpena fan de Dutch Dairymen Board. Se binne net tefreden mei it petear dat se tiisdei hiene mei minister Verburg fan Lânbou.

De minister toande yn dat petear begryp foar de soargen fan de melkfeehâlders. Se kin har lykwols net fine yn de troch de boeren foarstelde oplossing fan it beheinen fan de produksje. Dêrom gean de melkfeehâlders troch mei de aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)