Mear aksje tsjin sâltwinning

08 okt 2014 - 12:56
  • Struisâlt

De Waadferiening, Natuurmonumenten en de Fûgelbeskerming wreidzje harren aksjes út tsjin de plannen foar sâltwinning ûnder de Waadsee. Fan 'e wike wurdt der bygelyks in iepen brief publisearre oan it Dútske memmebedriuw fan Frisia Zout en der komt in webside om sels 'goed sâlt' te ferkeapjen.

Op de webside Fout Zout waarden al hântekenings sammele, mar op de nije webside Goed Zout wurdt aans ferantwurde produsearre sâlt ferkocht. De opbringst wurdt brûkt yn de striid tsjin de sâltwinning.

Takom woansdei sil in lânskipskeunstner op it Waagplein yn Ljouwert in saneamd sâltkleed meitsje en dêr omhinne wurde minsken ynformearre oer de striid tsjin de sâltwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)