Mear aksje nedich foar it Frysk

09 feb 2004 - 00:00

Nederlân moat mear ynspannings dwaan foar it ûnderwiis yn it Frysk en twatalich ûnderwiis yn Fryslân. Dat seit Gijs de Vries fan 'e Ried fan Europa. De Vries sit yn 'e kommisje dy't moandei de posysje fan it Frysk yn Nederlân ûndersocht. It giet der hjirby om oft Nederlân him goed hâldt oan it Hânfêst foar Minderheidstalen.

Mei de Fryske kultuer giet it net sa min, neffens De Vries, mar benammen op ûnderwiismêd moat mear dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)