Mear AID-ynspeksje feemerken

08 des 2006 - 10:53

De Algemiene Ynspeksjetsjinst (AID) krijt der takom jier fyftjin foltiids- banen by om feemerken en slachterijen better yn de gaten hâlden. Minister Veerman die dy tasizzing tongersdei oan de Twadde Keamer yn in debat oer it wolwêzen fan bisten.

Om misstannen earder te sinjalearjen sil Veerman der by de feemerken op oantrúnje om kamera's te pleatsen. Hy wie ek posityf oer it idee om in alarmnûmer foar bisten te iepenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)