Mear agressy tsjin Dierenambu

04 mrt 2008 - 12:08

Der binne hieltyd mear minsken dy't har agressyf gedrage tsjin meiwurkers fan de Dierenambulance yn Ljouwert. De frijwilligers wurde soms telefoanysk bedrige, de ruten waarden alris ynsmiten en meiwurkers binne achterfolge troch in man mei in grut samoerai-swurd.

Nei ferwachting nimt it geweld de kommende jierren noch mear ta. It soe goed wêze as de meiwurkers in kursus krije om dermei om te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)