Mear as 7000 kear #Frysk

18 apr 2013 - 17:26
  • Fryske Twitterdei

Op de Fryske twitterdei binne oant no ta mear as sântûzen tweets ferstjoerd mei de hashtag Frysk. De koarte berjochtsjes op ynternet binne troch mar leafst fjouwer miljoen gebrûkers fan Twitter besjoen.

De oprop om yn it Frysk te twitterjen is in inisjatyf fan de kampanje Praat mar Frysk fan de Afûk. Se neame de aksje, dy't no foar it twadde jier holden wurdt, in grut súkses. It is dit jier foar it earst dat se de berjochten telle kinne.

Der wurdt ek omraak twittere troch Friezen om utens: 17 prosint fan de tweets mei de hashtag Frysk (#Frysk) komt út it bûtenlân, bygelyks út Amearika, Kanada, Súd-Afrika, Sweden en Noarwegen. En fansels troch bekende Friezen, lykas Iris Kroes en Doutzen Kroes. Opfallend dit jier is dat der ek in soad ynstellings yn it Frysk twitterje, lykas sikehûs it MCL en it Fries Museum. Freed komme de úteinlike sifers nei bûten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)