Mear as 400 oanmeldingen PABO

10 sep 2000 - 17:05

In rekord tal studinten skreaunen har dit stúdzjejier yn foar de PABO oan de kristlike hegeskoallle (CHN). De oplieding ta learaar yn it basisûnderwiis dy't yn Ljouwert, Grins en Emmen folge wurde kin, luts 407 earstejiers.

Ien fan de redenen fan de groei is dat de oplieding de hbo-ers in fleksibel program biedt. Ek it personielstekoart op skoallen sil in rol meispylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)