Mear as 31.000 wurkleazen

20 jan 2004 - 00:00

It tal wurkleazen yn Fryslân is it ôfrûne jier nei mear as 31.000 oprûn, in taname fan 24%. De lanlike resesje is ek yn it Noarden te fernimmen, sa makket it Centrum voor Werk en Inkomen (CWI) bekend. Benammen de jongerein is troffen. Yn 2002 wie de taname noch 10%.

De wurkleazensgroei yn Fryslân sit noch wol krekt ûnder it lanlik trochsneed. Oarsaak is dat de Fryske ekonomy no minder op lânbou en yndustry rjochte is as earder it gefal wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)