Mear as 200 minsken op diskusjejûn oer REC Harns

16 feb 2016 - 20:26

Goed 200 minsken binne tiisdei ôfkaam op de diskusjejûn oer de REC yn Harns. De Stichting Afvaloven Nee organisearret de gearkomste yn seal Trebol. De ôfrûne tiid is der in soad te dwaan oer de REC. Yn oktober hat de ôffaloven troch in steuring folle mear dioksine útstjitten as tastien is. In soad Harnzers meitsje harren dêr soargen oer.

Op de gearkomste sprekke miljeusaakkundige Johan Vollenbroek (MOB) en toksikolooch Abel Arkenbout (Toxicowatch) de seal ta. Dêrnei kin it publyk meiprate oer de stân fan saken mei de REC. 

De gearkomste is neffens de organisatoaren in ferfolch op de ynformaasjemiddei fan de gemeente en provinsje fan ôfrûne jannewaris. Dêr koenen ynwenners fan Harns fragen stelle oer de ferhege dioksine-útstjit fan ôfrûne oktober, mar dat wie neffens Stichting Afvaloven Nee net genôch.

Omrin en deputearre steaten wienen net by de gearkomste.

Sluting REC

Fanút de seal is der grutte frustraasje oer de gong fan saken by de REC. Fanút it publyk waard der roppen om sluting salang't de sitewaasje net ferbettere wurdt. Boargemaster Sluiter seit dat hy de soarch dielt mar dat de gemeente de REC net slute kin. Dat moat de provinsje dwaan.

Wethâlder Boon seit dat hy fertrouwen hat dat der by de REC oanpassings dien wurde kinne. Neffens Sluiter is dit de test foar it management om no oer de brêge te kommen.

Unôfhinklik ûndersyk

Miljeusaakkundige Vollenbroek en toksikolooch Arkenbout presentearren harren fisy op de REC. Se sizze dat der troch in bypass struktureel ûnfiltere stoffen troch de skoarstien blaasd wurde, it management it probleem net sjen wol, de piip omheech moat en technyske ferbetterings nedich binne.

Boppedat moat der ûnôfhinklik ûndersyk komme om antwurd te krijen op de fraach werom't der net goed hanthavene wurdt, fynt Vollenbroek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)