Mear as 100 skoallen stake

06 mrt 2012 - 08:26
  • Klasselokaal

Rom hûndert Fryske skoallen dogge tiisdei mei oan in lanlike staking. Dy rjochtet him tsjin de besunigings dy't ûnderwiisminister Van Bijsterveldt trochfiere wol op it passend ûnderwiis. It giet om in besuniging fan 300 miljoen. Troch de staking wurdt der gjin les jûn op de skoallen, faak binne se wol iepen om de bern op te fangen.

In grut diel fan de stakende learkrachten giet nei Amsterdam, dêr't yn de Arena in grutte manifestaasje hâlden wurdt. Dêr wurde sa'n 35.000 minsken út it hiele lân wei ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)