Mealstien fûn by Burgumermar

15 maaie 2007 - 16:12

Amateur-argeoloog Oene Kloetstra fan Noardburgum hat oan 'e râne fan de Burgumermar in bysûndere mealstien fûn. It giet om in gebrûksfoarwerp út de Trachterbekerkultuer. De blaugraniten stien waard brûkt om nôt of nuten op te meallen.

It Frysk Museum neamt de fynst bysûnder. Yn Fryslân binne amper mealstiennen fûn. Nei ûndersyk troch it Frysk Museum sil de stien te besjen wêze foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)