Meallen giet foarearst troch

29 des 2009 - 12:14

Nettsjinsteande de froast giet Wetterskip Fryslân foarearst gewoan troch mei it leechpompen fan de polders yn de provinsje.Troch it teiwaar fan de ôfrûne dagen is it peil fierste heech en is it pompen needsaaklik wurden.

Benammen yn de súdwesthoeke stiet noch in soad wetter. Dêr waard moandei 21 miljoen kubike meter wetter yn de oere fuortmeald. Yn it noarden is it peil aardich op oarder. As it measte wetter fuort is wurde de gemalen stilset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)