Meagere jierren Hearrenfean

16 maaie 2014 - 12:16
  • Jelle Zoetendal, PvdA gemeente Hearrenfean
  • De gemeente wol yn in jiermannich wer út de reade sifers wêze

Der brekke meagere jierren oan foar de gemeente Hearrenfean. Ynwenners moatte de kommende jierren mear OZB -en rioelbelesting betelje om de gemeente finansjeel sûn te meitsjen. Wethâlder Jelle Zoetendal presintearre freed it plan fan oanpak foar de kommende jierren. De gemeente wol yn de perioade oant 2018 3 miljoen euro winst meitsje.

Njonken it ferheegjen fan belestings sil ek besunige wurde op de bedriuwsfiering fan de gemeente en yn it grut ûnderhâld fan sportakkomoadaasjes. De gemeente Hearrenfean stiet ûnder finansjeel tafersjoch.

De gemeente stiet 16 miljoen read op de algemiene reserve en hat mei-inoar in skuld fan 160 miljoen euro. Dat komt benammen troch ôffallende grûnferkeapen yn de lêste jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)