Meagere en drege winst Cambuur

18 feb 2013 - 22:17
  • Michiel Hemmen

Cambuur hat de thúswedstriid tsjin de nûmer lêst Eindhoven moandeitejûn mei 1-0 wûn. It winnende doelpunt kaam al nei 13 minuten op namme fan Michiel Hemmen út in kombinaasje mei Oebele Schokker. Cambuur wie op dat stuit de bettere ploech en like op in maklike oerwinning ôf te gean. Mar de fertraagjende taktyk fan de Eindhovenaren helle de Ljouwerters út it spul.

Yn de slotfaze waard it noch spannend omdat Eindhoven op jacht gong nei de lykmakker. Cambuurkeeper Telgenkamp moast noch ferskate rêdings dwaan, mar skoard waard der net mear.

Cambuur stiet no fjirde mei seis punten achterstân op koprinner Sparta en in wedstriid minder spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)