Meänder sande by Songfestival

15 feb 2005 - 06:39

De Fryske groep Meänder giet net nei it Eurovisie Songfestival yn de Oekraïne. Meänder einige sneintejûn as sande by de nasjonale foarronde mei it Fryske ferske 'Tusken skimer en ljocht', mar it publyk sette Meänder op it tredde plak. De faksjuery hie de Fryske groep minder heech.

It publyk keas Glennis Grace as winner. Sy sil Nederlân yn Kiev fertsjintwurdigje mei it ferske 'My impossible dream'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)