ME ûntrommet Westerbaangebou

21 feb 2004 - 00:00

In grutte plysjemacht hat sneon it kreake Westerbaangebou yn Ljouwert ûntrommme. De plysje wie der mei trije ME-buskes en in arrestantewein. De ME'ers hoegden net yn aksje te kommen, want de kreakers joegen harren oer.

It gebou op bedriuweterrein De Himrik waard freedtenacht kreake. Dat mei net fan justysje om't it gebou noch gjin jier leech stiet. Neffens de kreakers is it yn dat jier ien kear brûkt foar in boedelferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)