ME treedt op yn Marwei

19 sep 2004 - 13:12

De ME hat freedtejûn yn aksje west om in ein te meitsjen oan in aksje fan in tsiental finzenen yn finzenis de Marwei yn Ljouwert. De finzenen wiene bûten oan it luchten en wegeren om wer nei harren sellen te gean. Se brûkten geweld doe't it personiel fan de Marwei yngrypte.

Doe't de situaasje drige te eskalearjen waard de help fan de plysje en ME ynroppen. Dy hawwe de finzenen úteinlik werombrocht nei de sellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)