ME treedt op tsjin Cambuurfans

09 mrt 2014 - 15:58
  • ME'ers stelle har op tsjinoer de Cambuur-supporters
  • De plysje hold trije bussen Cambuurfans tsjin by Diemen
  • ME treedt op om Ajax- en Cambuurfans útinoar te hâlden
  • It útfak yn de Amsterdam Arena bleau leech

De ME moast snein optrede tsjin Cambuurfans yn de binnenstêd fan Amsterdam, seit de plysje. Supporters fan de klup sammelen har op de Nieuwmarkt, ticht by de Wallen, en soargen dêr foar oerlêst. Guon fan de Cambuurfans hiene tefolle drank hân.

De ME besocht de Cambuurfans yn de stokken te hâlden. Sy stjoerden de fans troch nei de Arena, dêr't Cambuur letter op de dei fuotbalje sil tsjin Ajax. Fanwege de reboelje binne ferskate kafees op de Nieuwmarkt tichtgien. De plysje hold ek trije bussen mei Cambuurfans tsjin by Diemen.

Foar it begjin fan de wedstriid wie der ek spanning tusken Cambuurfans en Ajaxfans by de Arena. De ME moast de groepen útinoar hâlde. Ien ME'er soe dêrby in pistoal lutsen hawwe foar in warskôgingsskot, mar hoechde neffens in plysjewurdfierder net te sjitten.

De Cambuurfans by Diemen mochten net fierder ride rjochting Arena, mar waarden oer de A7 wer weromstjoerd nei Ljouwert. Der waarden yn de Arena op syn minst 800 Cambuur-supporters ferwachte, mar by it begjin fan de wedstriid sieten der mar sa'n 25 minsken yn it fak fan de útsupporters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)